SMS-Poëzie in het Fries, met een knipoog vertaald in het Nederlands. Beide zijn 160's. SMS-Poëzy yn it Frysk, mei in knypeachje oerset yn it Nederlânsk. It binne altyd 160's -in ferske fan krekt 160 tekens, sadat it yn in sms'ke past. Af en toe zie je een tryke - een trits - a triple. Dan is er ook nog een 160 in het (d)english ;)
vrijdag 31 december 2010
EGBERT oan it karbidsjitten
wylst de wite wiven
dij om 'e earen fleane
sjit de molkbus syn lid
mei in swiere tongerslach
troch de loft
it âlde jier giet
it nije komt
wat in dekselsk leven!
EGBERT oan it karbidsjitten - wol 160x - 311210
******* ****** ******* ******
de witte vlokken
vliegen je om de oren
't lid van de melkboer
schiet als een vuurpijl
de lucht in
oudjaar is naar de kloten
't nieuwe komt
een potdeksels leven!
EGBERT: wat dondert 't - wel 160x - 311210
maandag 20 december 2010
EGBERT de bûtsiker
yn it oanienwei troch
sêft núnderjen fan de
rôljende weagen hear ik
it temûke langstme
do brekst brûzjend
op syn kust
do ferskûlest dy ûnder
in tekken fan skûm
EGBERT oan see - 160 - 201210
******* ****** ******* ******
in het nimmer aflatende
ruisen van aanrollende
golven hoor ik 't
heimelijk verlangen
je breekt bruisend
op zijn kust
je verschuilt je onder
een deken van schuim
EGBERT aan zee - 160 - 201210
zondag 19 december 2010
EGBERT hat hâld :P
zaterdag 18 december 2010
EGBERT mei de billewein
it is snotteglêd
op 'e grutte diken
it ford k'tsje foar my
dûnset mei it kontsje
fan lofts nei rjochts
útnoegjend, mar ik
gean der net op yn
ik ha in goeie bân!
EGBERT op glêd iis - 160 - 030210
******* ****** ******* ******
't is glibberglad
op de grote wegen
't ford k'tje voor me
danst met 't kontje
van links naar rechts
uitnodigend, maar ik ga
er niet op in, ik heb
een goede band
EGBERT met de billenwagen - 160 - 030210
vrijdag 17 december 2010
EGBERT yn 'e sniestoarm
zaterdag 11 december 2010
EGBERT yn 'e sauna
de middei weigriemd
tusken rubensfroulju
ôfwikseljend yn hjittens
en ferhiperjende kjeld
seach ik my de eagen út
freget hja wat bedutsen:
ha ik wat fan dij oan?
EGBERT yn 'e sauna - 160 - 280210
******* ****** ******* ******
de middag verkwist
tussen rubensvrouwen
afwisselend in de hitte
en de verkleumende kou
keek ik open en bloot
vraagt ze in bedekte termen
heb ik wat van je aan?
EGBERT in de sauna - 160 - 280210
zaterdag 4 december 2010
EGBERT de spetter
hja wachte by it oerstek
it gjalpe pypstâlen
en balstiennen
en ik,
ik ried har foardel
troch in djippe puozze
gjin droege tried mear
oan 't liif
in wiete dream?
EGBERT spattert om raak - 160 - 101209
******* ****** ******* ******
zij wachtte
bij de oversteekplaats
in de pijpende regen
en ik, keihard,
ik reed haar voorbij
door een diepe plas
niets droogs meer
aan 't lijf
een natte droom?
EGBERT de spetter ;) -160 - 101209
vrijdag 3 december 2010
EGBERT mei stoppels
neaken en bleat
-slettrochwiet-
bist benefterlitten
asdjippe spoaren
stive stynske
weetstoppels
tsjûgje fan dyn
brutsen bestean
einlings sliepst
útbrûkt braaklân
EGBERT útlibbe -160 - 171110
******* ****** ******* ******
naakt en ontbloot
-druipnat-
ben je achtergelaten
ploegdiepe sporen
stijve maisgele stoppels
getuigen van je
gebroken bestaan
eindelijk slaap je
uitgeput, brak!
EGBERT uitgehakt ;) - 160 - 171110
donderdag 2 december 2010
EGBERT: hâld dy de snetter :S
wekker wurden
fan dyn lûde roffel
besjoch ik dyn gepik
do lytse spjocht
drilmaster op'e siik
nei in mûlterchje
meager as brânhout
do moatst wol
in hurdkop wêze
EGBERT: hâld dij de snetter? nea net! - 160 - 021210
******* ****** ******* ******
gewekt door je
luide roffel
kijk ik naar je gepik
gedreven op zoek
naar iets nieuws
in 't brandhout
je koppie moet wel
hoofdpijn-proof zijn
je wereld draait door
EGBERT: hou je snavel? dendrocopos matthysias nog aan toe!
woensdag 1 december 2010
EGBERT út de kiste
de stive wask
hinget oan 'e line
it is ûnlittend waar
syn drippen binne
de triennen dy't
hy te droegjen hinget
sil hy no einlings troch
de hurde wyn stowe
ûntteid
EGBERT út de kiste - 160 - 271209
******* ****** ****** ******
de stijve was
hing aan de lijn
nu dooit 't weer
z'n druppels zijn
de tranen die hij
te drogen hangt
zal hij nu eindelijk
es aan de zwier aan
diepfries ontdooid
EGBERT ontdooid - 160 - 271209
EGBERT oan de saké
dêr lies ik yskâld
in leafdestynge
dien yn'e tsjûke snie
boppe-op in haach
I LOVE SAKE
it herte derefter makke
wakker dúdlik leafde giet
troch hagen en toarnen
EGBERT oan de saké - 160 - 211209
******* ****** ******* ******
las ik zomaar een winters
liefdesbericht gevingerd
in de dikke sneeuw
bovenop een haag
I LOVE SAKE
het hartje maakte
het ondubbelzinnig:
liefde, door dik en dun
EGBERT in scriptie - 160 - 211209
dinsdag 30 november 2010
EGBERT yn 'e swing [in tryke]
do hiest dyn web
linich spand
tusken twa skippen
wachtest yn 'e midden
op dyn proai
dó hiest moed
oerbrêgest de ôfstân
by it kommando
trossen los
swifte krússpin
EGBERT yn 'e swing - 160 - 040909
******* ****** ******* ******
je had je web
soepel gespannen
tussen twee schepen
wachtte in 't midden
op je prooi
je hebt lef
overbrugt de afstand
bij het commando
trossen los
swinging spiderman
EGBERT aan een draadje - 160 - 040909
******* ****** ******* ******
having your web
willingly spun
betwixt two ships
baiting in between
for a prey
you had the guts
to bridge the space
at the order
cast off
swinging spiderman
EGBERT swinging ;) - 160 - 281110
(special kind of 160 in three languages, called : in tryke - een trits - a triple )
zondag 28 november 2010
EGBERT oan 'e shit?
djip ûnder de grûn graeft
hy syn tsjustere gangen
blyn en nimmen sjocht it
krinkelpaden mei ien doel
hegerop te kommen
akkeba
wa hat him dêr no
op'e kop skiten?
EGBERT - 160 - 091009
******* ****** *******
diep onder de grond graaft
hij zijn duistere gangen
blind niemand ziet het
kronkelwegen met één doel
hogerop te komen
naar de kroon gestoken
shit er is hoop
EGBERT - 160 - 091009
kunstwerk: Wim T. Schippers
EGBERT yn 'e stoarm
en net allinnich
yn dyn holle
hoefolle glêde ikels
en stikeliche bûkelkapkes
hastdo yn dyn útskroevenheid
te doel te komme platwâde
gans wyn en blast
EGBERT - 160 - 031009
******* ****** *******
het stormt
en niet alleen
in jouw hoofd
hoeveel gladde eikels
stekelige beukenbolsters
heb jij platgewalst
in je verrukking
je doel te bereiken
razende windbuil
EGBERT - 160 - 031009
EGBERT mei marsepinebúk
nêst pipernúten
sûkerklaaskes taaimantsjes
-en wyfkes swiet guod
út syn snobwinkeltsje
wurdt troch de kuorkeman
wer klearebare unsin
ferkocht
bistdo besestere?
EGBERT - 160 - 011209
******* ****** ******* ******
naast pepernoten speculaasjes
taaitaai zoete lekkernijen
uit z'n snoepwinkeltje
verkoopt de marskramer weer
grijpgrage hebbedingetjes
ben je van lotje getikt?
EGBERT de zoetekou :P -160 - 011209
zaterdag 27 november 2010
EGBERT oan de sigaar ;)
stonksigaren stean
as brune mannen
rjocht omheech yn 'e sleat
se ferskûle boartsje net
tusken it rûzjend reit
dekkend gedoch
twaslachtige bollepyst
datsto bist
EGBERT - 160 - 290809
******* ****** ******* ******
stinksigaren staan
als bruine mannen
recht omhoog in de sloot
ze spelen geen
verstoppertje tussen
het ruisend riet
dekkend gedoe
tweeslachtige stier
die je bent
EGBERT - 160 - 290809
EGBERT foar anker
foar anker lizze