zondag 11 september 2011

EGBERT yn trainingsbroek :P












op 'e sportclub de
krúswrotter ynsteld op in
oerke ôfslaavje mei grutte
tsjinwar skettert de
lûdsprekker it stjonkendloaie
liet fan bruno
mars 
hearkes it swingt

EGBERT hat de broek oan -160- 091111

****** ******* ****** *******

bij fitness de crosstrainer
ingesteld op een uurtje
weight loss met
grote weerstand
tettert de speaker box
de lazy song van bruno
mars 
omg this is great
swingen

EGBERT met de broek aan -160- 091111
the lazy song - bruno mars




zondag 4 september 2011

EGBERT de hurdfytser ;)





















ferslave oan it
hurdfytsen naait hy út
it seemslear yn it krús
sûnder sealpine
it sin befredige
in kilometerfretter
nimmen net riedet
de drank yn syn kontflesse

EGBERT de hurdfytser ;)
160- 040911

****** ******* ****** *******

verslaafd aan het fietsen
komt hij -zonder zadelpijn-
aan zijn trekken
rijdt hij met zeemleren kruis
zijn kilometers
niemand vermoedt de drank
in zijn reetbeker

EGBERT de wielrenner ;)
160- 040911

zondag 31 juli 2011

EGBERT kult











spytgnyskjend weikrûpt
efter in auto wacht’er
op foarbygongers
de kulslang oan in
ferhoalen triedsje
ferweegt ûnferhoeds
jongerein skrikbewâld
kostlik kjel makke

EGBERT kult :P -160- 310711

****** ******* ****** *******

met ingehouden lach
zit ie achter 'n auto
te wachten op passanten
de nepslang aan 'n blind
draadje beweegt onverhoeds
jeugdig schrikbewind
om je beurs te lachen

EGBERT shaket :P -160- 310711



woensdag 6 juli 2011

EGBERT krûpt ûnder de fodden?





















strâne
op in baailekken
leit se foar
myn taastend each
in moardfaam
twa kante meter
   gleon baarnde hûd
   fertel my, leave
   yn hokker mjitte
   drukst do
   dyn hjitte út?

EGBERT krûpt ûnder de fodden? - 160 - 060711

******* ******* ****** ******* ****** *******

gestrand
op een badlaken
ligt ze voor
m’n tastend oog
een moordmeid
twee vierkante meter
zongebronsde huid
vertel me liefje
in welke eenheid
druk jij hitte uit?

EGBERT tast toe?  – 160 - 060711



vrijdag 20 mei 2011

EGBERT is priemsk ;)


















se hat einliks
de ûnskeamele skuon
ris oantein en
lústere my seksy
yn it ear
dat se ek graach slikt
wylst ik fal op har
stilettohakken
falt sij op myn
nerdnikes

EGBERT is priemsk ;) - 160 - 200511

****** ******* ****** *******


eindelijk trok zij
de stoute schoenen aan
fluisterde sexy in m’n oor
dat ze ook graag likt
terwijl ik val op haar
stilettohakken
valt zij op
m’n kinky nerdnikes

EGBERT is kinky ;) – 160 - 200511


dinsdag 17 mei 2011

EGBERT de healegeare?




















foar sokke seksy titten
wol ik wol typlessen nimme
it tsienfingersysteem en
blyn, dan soe ik op 'e taast
sizze meie wat ik mei de
mûle net heal doar:
160 tikken


EGBERT de healegeare? -160- 170511

****** ******* ****** *******

voor zulke sexy tieten
wil ik wel tikles nemen
het tienvingersysteem
dan zou ik blindelings
kunnen zeggen wat ik met
mijn mond niet half durf:
160 aanslagen p/m 

EGBERT de geek? -160 - 170511


dinsdag 26 april 2011

EGBERT trochwiet fan it swit

















nei al dy bierkes
bearenboarchjes en
peaskeaaikes wurdt it tyd
myn bierbealch derôf te
trimmen en it liif grilklear
te krijen  foar it strân
wat no, heaterskjen?

EGBERT trochwiet fan it loaie swit - 160 - 260411

****** ******* ****** *******

na al die biertjes
tequilashotjes en gevulde
paaseitjes wordt het tijd
m’n smulpack grilklaar te
trainen voor het strand
m’n sixpack:
vechten tegen de bierkaai?

EGBERT nat van het luie zweet - 160 - 260411