zaterdag 14 januari 2012

EGBERT op 'e skurte






















ornaris haw ik gjin
sittersfleis mar nei in dei
wrotten en wramen foar myn
poaier kin ik goed by dy húskje
jou ik my del op dyn skurte 
dan bin ik dyn skoatpopke

EGBERT op ‘e skurte -160- 140112

****** ******* ****** *******

gewoonweg heb ik geen
zitvlees maar na een zware
dag werken bij m’n baas heb
ik een geregelde stoelgang
vlei ik me neer aan jouw boezem 
ben ik jouw schootkindje

EGBERT op schoot -160- 140112

woensdag 11 januari 2012

EGBERT leit yn in dûk
























ek al is hja ferwrotten
en ferrekt se fan 'e pine
yn 'e beurs hja giet
nei it sintrum ta
se leit op skema
hja past wol
de belêsting wat oan
gewichtichdoggerij?

EGBERT leit yn in dûk -160- 110112

****** ******* ****** *******

moe van ’t shoppen
verrekt ze van de pijn
in haar portemonnee
maar zij gaat
naar 't centrum
ze ligt op schema
ze past de belasting
wel wat aan
zaak van gewicht?

EGBERT ligt in een deuk -160- 110112

zaterdag 7 januari 2012

EGBERT oan it geien


















nei it knallend
âldjiersfeest rint se
sletdronken oer de
wiete strjitte
makket in útglider
oer de weake
readbrúne dridze fan
in gierende kokenfaam
twaris wille!

EGBERT oan it geien -160- 070112

****** ******* ****** *******

na ’t knallend oudjaarsfeest
waggelt ze over straat
glijdt uit over de roodbruine
doorweekte drek van
een gillende keukenmeid
twee keer plezier van piepvuurwerk

EGBERT aan ‘t gieren -160- 070112

donderdag 29 december 2011

EGBERT in frij man















freget hja -sa'n fodze,
de ring fan de pôt noch
yn it efterein- wolst
myn kykdoaze ris sjen?
fansels, wa wol net de
wrâld op in taffelsbuordsje?
wat ik seach?

EGBERT in frij man -160- 291211

****** ******* ****** *******
vraagt ze –zo’n hittepetit
zo'n bakvis, ze komt pas kijken-
wil je m'n doos eens zien?
natuurlijk, wie wil er niet
de wereld in een pronkkast?
wat ik toen zag?

EGBERT in een vrijer vertaling -160- 291211

woensdag 14 december 2011

Egbert oan't skeuken?



















skeuke, wol wat oars
as skúfelje dy nije
pearingsdûns
soest dy net fergrieme
yn disko’s is it út
mei de kontkrûperij?
meist de famkes net
mear as rospeal brûke?

EGBERT oan 't skeuken? -160- 141211

****** ******* ****** *******

schuren
wel wat anders
dan schuifelen die
nieuwe paringsdans
je wrijft je maar
in disco's is 't uit
met de pret?
je mag de meiden niet
als schurkpaal gebruiken?

EGBERT aan het schuren? -160- 141211

maandag 21 november 2011

EGBERT oan it strippen?















fregest har mei
te swimmen
seit hja nee leave
ik ha in pûkelkop
stikelskonken en
in prikpoes
moat earst nei de
skientmesalon
om in brazilian strip 
falske skamte

EGBERT oan it strippen? -160- 211111

****** ******* ****** *******

vraag je haar
mee te zwemmen
zegt ze nee schat
‘k heb ’n pukkel
egelbenen en
’n prikpoes
moet eerst naar de
schoonheidssalon
om ’n brazilianstrip 
valse schaamte

EGBERT aan het strippen? -160- 211111
                


zondag 20 november 2011

Egbert oan it swartepytsjen


















sinteklazetiid
ek in hillich man
tinkt om bûsehifkers
de moderne pyt jout
syn seksy skoatpopkes
in wan bruien mei
de digitale klabats
soest himsels net opsekje?

EGBERT oan it swartepytsjen :P -160 - 201111

****** ******* ******* ********

't is weer sinterklaas
ook de schijnheilig man
let op buidelgraaiers
de moderne piet
geeft z'n sexy schootkindjes
billenkoek met de digiroede
gaan ze de zak in?

EGBERT de hulppiet :P -160- 201111